Nije rotonde A32 by Wolvegea

10 aug 2014 - 10:45

Op it plak fan it krúspunt by de op- en ôfrit fan de A32 by Wolvegea komt in rotonde. De rotonde komt yn de provinsjale dyk N351 nei Aldeholtpea. De provinsje en Rykswettersteat wolle mei de oanlis fan de rotonde de ferkearsfeiligens ferbetterje.

It wurk sil sa'n seis wiken duorje. De kabels en liedings binne al omlein. Yn septimber begjint de oannimmer mei de oanlis fan de rotonde. Yn novimber moat it wurk dien wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)