Dronken Grouster skopt fytser
In man fan 30 jier út Grou is sneontejûn oppakt foar mishanneling. Op it Ruterskertier yn Ljouwert hie er in oantal fytsers lestich fallen. Ien fan har krige klappen en skoppen fan de fertochte. Mei help fan it slachtoffer koe de Grouster letter op de jûn oanholden wurde yn de Grote Hoogstraat. Hy hie tefolle dronken. De man sit fêst op it plysjeburo.