Rekôr Jelle ten Rouwelaar

10 aug 2014 - 10:26

Keeper Jelle ten Rouwelaar fan NAC Breda mei him nei de earste wedstriid fan it nije betelle fuotbalseizoen rekôrhâlder neame mei 205 wedstriden yn de earedivyzje sûnder dat er in minút mist hat. Dat bestrykt de perioade fan de start fan it seizoen 2007-2008 oant no. De 33-jierrige Jouster ferbruts dêrmei it rekôr fan keeper Ruud Hesp dy't by Fortuna Sittard 204 wedstriden (1987-1993) op it heechste nivo sûnder ûnderbrekking spile. Ten Rouwelaar kaam mei NAC net fierder as in 1-1 lykspul tsjin Excelsior.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)