Cambuur lyk tsjin Twente

09 aug 2014 - 22:53
  • Albert Rusnák makke de iepeninstreffer foar SC Cambuur
  • Bob Schepers yn gefjocht om de bal
  • Cambuur-trainer Henk de Jong

SC Cambuur is de kompetysje begûn mei in 1-1 lykspul tsjin FC Twente. De Ljouwerters kamen yn de 13e minút op foarsprong troch in prachtige frije traap fan Albert Rusnák. Cambuur wie yn de earste helte lykweardich oan FC Twente. Beide ploegen krigen amper grutte kânsen.

Yn de twadde helte brocht FC Twente nije oankeap Mokotjo. Hy soarge derfoar dat Cambuur hieltyd mear achter de tsjinstanner oanrinne moast. De druk fan Twente naam ta. Yn de 88e minút makke Mokhtar, fia de foet fan Bijker, de lykmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)