Jan Bos wint kritearium Snits

Jan Bos fan Bontebok hat sneontejûn de Snitswike hurdfytsronde wûn. In seis man sterke kopgroep bepaalde it kritearium yn it hert fan de stêd. Taeke Oppewal fan It Hearrenfean en Snitser Harry Sweering wiene de oare Friezen yn de kopgroep. Fierder sieten Christoph Haxsen en de ploechmaten Rick van Breda en Joris Blokker yn de earste groep. Jan Bos wûn de einsprint mei oermacht, foar Taeke Oppewal en Rick van Breda út Den Helder. Harry Sweering waard fjirde.