Beskamsum ferlies Hearrenfean

09 aug 2014 - 21:43

Sportklup Hearrenfean hat in dramatyske start fan it nije seizoen. Hearrenfean ferlear sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra Stadion mei 2-1 fan FC Dordrecht. Dy ploech promovearre ferline seizoen hiel ferassend nei de earedivyzje.

Hakim Ziyech skoarde nei 14 minuten 1-0 en Hearrenfean wie folle better. Uth rekke de peal, mar koart foar rêst kaam Dordrecht út it neat op 1-1 troch in goal fan Korte. De twadde helte sakke Hearrenfean hielendal fuort. Troch in fout fan Van Aken koe Van Overeem yn de 81ste minút de beslissende 2-1 meitsje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)