Twadde sulveren pols Helmholt

09 aug 2014 - 17:11

Bart Helmholt hat sneontemiddei yn Winsum syn sânde Fryske fierljeptitel pakt. Yn syn lêste finalesprong sette er de winnende ôfstân en in nij skânsrekôr fan 21.42 meter op it boerd. Yn Fryslân is noch nea fierder ljept. It wie it tredde jier op rige dat Helmholt de Fryske titel pakte en dêrfoar krijt er de sulveren pols. Hy hat no krekt as Roel Bokke Span twa sulveren polzen. By de froulju gong de Fryske titel nei Marrit van der Wal mei 15.54 meter, dy't se fuort yn har earste sprong fan de wedstryd delsette.

Age Hulder pakte yn syn lêste finalesprong syn earste titel by de junioaren mei in nij skânsrekôr fan 19.79 meter. By de jonges gong de titel nei Jan Teade Nauta. Hy sprong 17.58 meter yn syn tredde sprong fan de wedstryd.

By de senioaren waard Nard Brandsma twadde mei 20.12 en Oane Galama tredde mei 19.99. By de froulju waard Klaske Nauta, de kampioene fan 2013, twadde mei 15.36. Sytse Bokma wie de twadde junior mei 18.93 en Freark Kramer pakte by de jonges it sulver mei 16.74.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)