Man botst tsjin stopljocht

09 aug 2014 - 16:27
  • Botsing by stopljocht Anne Vondelingwei yn Ljouwert

By in ûngelok op de krusing fan de Anne Vondelingwei mei de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert is sneontemoarn in 80-jierrige automobilist út Skarsterbrêge ferwûne rekke. De man botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in peal fan de stopljochten.

De bestjoerder is troch de helptsjinsten út de auto helle en nei it sikehûs brocht. It oare ferkear hie koart lêst fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)