Brânwacht Menaam siket talint

09 aug 2014 - 15:10

De brânwacht yn Menaam is noch hieltyd op syk nei nije frijwilligers. In oantal wiken ferlyn die it korps al in oprop op twitter. Ofrûne wykein besocht de brânwacht frijwilligers te winnen op de bradery yn Menaam.

De bern koene mei de brânwacht mei yn 'e wein, mei as doel sa de âlden oer te heljen om frijwilliger te wurden. It korps hopet op syn minst trije nije frijwilligers te krijen. Dat is belangryk, fanwegen it ferrin yn it korps. Guon frijwillgers moatte der bygelyks troch harren leeftiid út.

Ein set dit jier in kursus foar de frijwilligers útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)