Fytsbrêge by Wyns sletten

Brêge Stienzerfeart by Wyns is ôfsletten © Google Earth
De fytsbrêge oer de Stienzerfeart by Wyns is sûnt freed ôfsletten, nei't in hynder der trochhinne sakke is. It brechje rekke skansearre en it is neffens de gemeente net langer feilich dizze te brûken.
Fytsers op de drokke rûte tusken Ljouwert en Dokkum moatte omride. It pontsje de Wynser Oerset oer de Dokkumer Ie is troch de omlieding ek dreech te berikken. Wannear't it brechje makke wurdt, is net bekend.