Cross Blije begjint letter

De Frije Cross yn Blije is sneon in tal oeren letter útsein set as dat de bedoeling wie. De cross soe eins sneontemoarn om alve oere al starte, mar der wie gjin medyske efterfang. De organisaasje hie EHBO-team Nederland frege, mar dy bin earder dit jier fallyt gien.
Sneontemoarn is it medical team fan Koatstertille noch frege, mar dy koe op sa'n koarte termyn net komme. De ambulânse fan de Achterhoek koe help tasizze. De Frije Cross koe dêrtroch om healwei trije dochs noch úteinsette. Der is in ferkoarte ferzje fan de cross riden.
Oan de cross dogge 170 dielnimmers mei.