Wyldpisser mei nacht de sel yn

09 aug 2014 - 11:34

In 26-jierrige wyldpisser út Ljouwert is freedtenacht finaal troch it lint gien, doe't de plysje him in bekeuring joech. Plysjes op de fyts seagen dat de man op de Weaze stie te pisjen en sprutsen him der op oan. Hy woe him net identifisearje en fersette him tsjin syn oanhâlding. Hy mocht de rest fan de nacht yn de sel trochbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)