Rûkersguod stellen yn S'fean

By DA-drogist Postma oan de Kolk yn Surhústerfean is freedtenacht ynbrutsen. Mei in brekizer en in moker waard in rút iepen brutsen. De ynbrekkers naaiden ferfolgens út mei in soad djoere parfums. De plysje wie gau te plak, mar doe wienen de ynbrekkers al fuort. Op strjitte fûn de plysje noch ferskate fleskes rûkersguod. De eigner rûzet de skea op sa'n 20.000 euro.