Gerry Burger werom út Oekraïne

09 aug 2014 - 11:02

Gerry Burger fan Jirnsum is wer thús. Se wie ien fan de 140 plysjeminsken dy't yn it rampgebiet yn Oekraïne socht nei besittings en resten fan de ynsittenden fan de flecht MH17. Omdat it te gefaarlik waard is de missy earder ôfbrutsen.

Freedtejûn is it team oankaam op it fleanfjild fan Eindhoven. Gerry Burger wie jûns om acht oere wer yn Jirnsum by har man en bern dy't allegear bliid binne dat se wer feilich thús is. Fanwege de gefoelichheid fan de missy mei se foarearst net mei de parse prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)