GHB en fyts yn beslach naam
In 22-jierrige Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden by camping de Griene Stjer by Ljouwert. Befeiligers seagen de man op in stellen fyts riden. Hy hie ek fleskes GHB en speed by him. De befeiligers warskôgen de plysje, dy't de man meinaam nei it buro. De fyts en de drugs binne yn beslach naam.