IFKS skrast op finaledei

IFKS © Omrop Fryslân
It waar is grutte spulbrekker op de finaledei fan de IFKS. Sneontemoarn hat de organisaasje de B,C en lytse A-klasse der úthelle. It waait te hurd op de Lemster Baai. It is noch mar de fraach oft de grutte A sneontemiddei wol starte kin.
Dat beslút nimt de organisaasje op it lêste momint. Oant sneontemiddei fiif oere kin der eventueel start wurde. As der net syld wurdt, wurdt dyjinge dy't boppe-oan stiet yn it klassemint automatysk kampioen. Dat soe bestjutte dat Jelle Talsma mei de Jonge Jan de IFKS wint.