Brassband Menaam fynt ûnderdak

Brassband Halleluja yn Menaam hat wer plak om te repetearjen. De band kin fan 19 augustus ôf spylje yn de grutte seal fan wensoarchsintrum Nij Statelân yn it doarp.
De brassband drige nei mear as 100 jier út Menaam te ferdwinen nei't kultureel sintrum De Weme op 1 july ticht gie. De band socht de media op en krige in soad reaksjes, sa seit Grietje Bakker.