Famke De Feanhoop fermist

09 aug 2014 - 09:34

De 17-jierrige Andreea Smitek wurdt al sûnt 26 july fermist. It Roemeenske famke is foar it lêst sjoen by De Feanhoop yn de gemeente Smellingerlân, wer't se fuortrûn by in soarchpleats. Andreea is 1.63 meter lang, hat brún hier en blauwe eagen. Se hat in tatoeaazje op har rêch. Wa't it famke sjoen hat, kin kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)