'Mear Fryske bôle ferkeapje'

08 aug 2014 - 19:28

Moalfabryk Koopmans wol dat mear bakkers Fryske bôle ferkeapje. Ferline jier is úteinset mei it ferkeapjen fan bôle dat makke is fan nôt fan Fryske grûn. Hjirmei besiket Koopmans in nij streekprodukt yn de merk te setten. De earste resultaten binne sa goed dat it oantal bakkers dat de bôle ferkeapje mei, ferdûbele wurdt.

Njonken mear ferkeappunten sjocht Koopmans ek nei mooglikheden om it Fryske projekt yn oare provinsjes op te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)