Jonge Jasper wint by De Lemmer

08 aug 2014 - 15:36

Skûtsje De Jonge Jasper hat freedtemiddei it IFKS skûtsjesilen yn de A-klasse op de Lemster baai wûn. Skûtsjeskipper Froukje Osinga-Meijer sylde in tige bêste wedstriid en pakte fan begjin ôf de kopposysje. Jelle Talsma fan De Jonge Jan út Warten einige as twadde. Merijn Olsthoorn mei it skûtsje Emanuel kaam op eigen thúswetter as tredde oer de streek.

It bliuwt spannend yn it klassemint. Sneon falt de beslissing by de finalewedstriid, op 'e nij op De Lemmer.

It skûtsje Frisia fan De Lemmer moast it wedstriidwetter ferlitte nei't der twa man oer board sloegen. In teloarstelling foar it skûtsje fan skipper Robert de Jong, dat op eigen wetter net finishe koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)