Man oer board by silerij IFKS

08 aug 2014 - 15:17
  • Man oer board by silerij IFKS

By it IFKS skûtsjesilen op De Lemmer is freedtemiddei in bemanningslid fan it skûtsje Grytsje Obes oer board slein. De drinkeling koe rap oppikt wurde troch it parseboatsje fan Omrop Fryslân.

Skûtsjeferslachjouwer Gjalt de Jong fiske de man út it wetter en sette him wer op it skûtsje fan Koudum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)