Ride oer flechtstreek beboete

08 aug 2014 - 14:23
  • Knooppunt De Jouwer

De plysje hat freed by de rotonde by De Jouwer boetes útdield oan automobilisten dy't oer de flechtstreek rieden. It is drok by de rotonde mei fakânsjeferkear en besikers fan de Snitswike. Derom steane der benammen op de A7 fan Snits nei De Jouwer files.

By de plysje kamen ferskate klachten binnen oer bestjoerders dy't fia de flechtstreek rieden. In boete hjirfoar is 370 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)