'Boykot probleem foar Russen'

De Russen komme sels yn grutte problemen troch de boykot dy't harren president Poetin ôfkundige hat op itenswaar út Europa. Se kinne sels noch lang net genôch op it mêd fan griente en fruitteelt. Dat seit Fokke Meirink fan Winaam. Meirink is al jierren foarljochter op grutte lânboukorporaasjes yn Ruslân foar in siedteeltbedriuw.
Tritich oant fjirtich persint fan de griente - en fruit wurdt ymporteard. Wat sels siedde is yn it lân, kin dreech rispe wurde, want de masines dêrfoar moatte út Nederlân komme. Troch de boykot is dit net mooglik.
Meirink is benaud dat der in tekoart oan griente - en fruit ûntstiet.