Partijlid Amelân net ferfolge

08 aug 2014 - 11:57
  • It Amelân

It Iepenbier Ministearje (IM) sil in lid fan Algemeen Belang Ameland net ferfolgje foar it ronseljen fan stimmen by de lêste gemeenteriedsferkiezings. Boargemaster Albert de Hoop die yn maart oanjefte nei in melding oer it ronseljen. Mar it IM kin net genôch bewiis fine om de fertochte te ferfolgjen.

De boargemaster en de man yn kwestje binne op de hichte steld fan dizze beslissing. De saak lei gefoelich om't de partijen Algemeen Belang Ameland en Ameland '82 likefolle stimmen krigen.

Uteinlik hat Ameland '82 mei it CDA en de VVD in koälysje foarme.

Partijfoarsitter Gerard Vloedgraven fan Algemeen Belang Ameland is bliid dat partijgenoat Cor de Boer troch it iepenbier ministearje frijsprutsen is. Wol hâldt Vloedgraven in soere neismaak oer oan de affaire dy't grutte ynfloed hân hat op de útslach fan de ferkiezings en de koalysjeûnderhannelings op it Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)