'Wyldgroei oan rydskoallen'
Yn Fryslân binne te folle rydskoallen kaam. Hjirtroch is de konkurrinsje te grut wurden, sa sizze rydskoalle-ynstrukteurs. Yn de ôfrûne jierren binne der hieltyd mear rydskoallen bykaam, sa docht bliken út sifers fan it CBR. Dit komt om't in soad Friezen sûnder wurk oplaat binne ta rydynstrukteur op kosten fan it UWV.