Asylsikerssintra net útwreide

(fotofoarbyld) © ANP
It oantal Fryske asylsikerssintra hoecht de kommende tiid noch net útwreide te wurden. Dat seit in wurdfierder fan it Sintrum Opfang Asylsikers, it COA. De trije besteande asylsikerssintra yn Fryslân binne allegear fol.
Om't der noch altyd 600 nije asylsikers it lân yn komme wurde der needfoarsjennings boud yn Dronten en Luttelgeest. Foar Fryslân binne der noch gjin plannen. Wol bliuwt it COA yn petear mei alle Fryske gemeenten oer de mooglikheden.