'Tefreden oer Snitswike'

Gjin wyn by Snitsermar © Omrop Fryslân
De organisaasje fan de Snitswike is goed te sprekken oer it ferrin fan de festiviteiten. Dat stiet yn harren nijsbrief: "We hebben prachtig zomerweer gehad waardoor er zomerse wedstrijden waren. Iedereen kon zeilen deze Sneekweek en daarmee is deze Sneekweek een uitnodiging voor volgend jaar!"
Tongersdeitejûn waard it sylevenemint ôfsletten mei in slotfeest yn Snits. Nei ferwachting binne sa'n 200.000 besikers op de Snitswike ôfkaam. Dat oantal is ûngefear like heech as ferline jier.