'Boykot gefaar foar bedriuwen'

07 aug 2014 - 18:38

De Russyske boykot fan agraryske en molkeprodukten út Europa kin guon Fryske bedriuwen wolris de kop kostje. Dat is de ferwachting fan adjunkt-direkteur Paul Kingma fan Smeding yn Sint Anne.

De prizen foar griente en fruit lizze de lêste tiid al hiel leech. Troch de oerskotten dy't nei alle gedachten ûntstean sille yn Europa, sille de prijzen noch fierder sakje. Dat kin foar guon bedriuwen wolris de nekslach wêze, tinkt Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)