Gjin stookplak Spoekeplas mear

07 aug 2014 - 18:19

Steatsboskbehear hat it stookplak by de Spoekeplas yn Noardwâlde fuorthelle. De lêste tiid wie der in soad oerlest fan jongerein by it plak. En dat wylst it stookplak ea op fersyk fan de jongerein oanlein is.

Nei ferskate klachten oer ûnder oare fernielings hawwe gemeente, plysje, brânwacht en Steatsboskbehear besletten it plak fuort te heljen. Dat betsjut dat op gjin inkeld plak om de Spoekeplas hinne mear fjoer makke wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)