Soad animo guozzegebieten

© Omrop Fryslân
De provinsje is tefreden mei it tal Fryske boeren dat guozzen talitte wol op it lân. De provinsje hâldt op dit stuit mei agraryske natuerferiening BoerenNatuur in ynventarisaasje ûnder boeren. Neffens de provinsje is 85 prosint posityf, wol tsien prosint net meidwaan en twifelet fiif prosint noch.
De ynventarisaasje wurdt hâlden omdat de provinsje dwaande is mei nij guozzebelied. Dêryn wurde ek guozzegedoochgebieten oanwiisd, dêr't guozzen frette en rêste kinne. Boeren dy't har lân dêrfoar beskikber stelle, krije dêr in fergoeding foar.