Gjin Nacht Sûnder Dak Amelân

07 aug 2014 - 15:59

De aksje Nacht Zonder Dak fan de tsjerken op It Amelân giet sneon net troch. De organisaasje hat te min tariedingstiid. Yn de Nacht Zonder Dak sliepe jongeren ien nacht yn in selsmakke ûnderkommen fan kartonnen doazen. Sa wol de betinker fan de aksje, helporganisaasje Tear, jongerein sjen litte hoe't swalkjongeren yn oare dielen fan de wrâld libje moatte.

Mei it jild dat de dielnimmers ophelje wurde projekten fan Tear foar swalkjongeren betelle. Yn septimber wurde noch Nacht Zonder Dak-aksjes hâlden yn Sint Nyk en Oentsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)