Fragen oan EU oer boykot

VVD-Europarlemintariër Jan Huitema út Makkingea hat fragen steld oan de Europeeske Kommisje oer de boykot fan Ruslân. Dat lân hat bekend makke dat it gjin fleis, fisk, fruit en suvelprodukten út de Europeeske lannen hawwe wol.
Huitema wol witte wat de gefolgen binne fan de boykot en wat de Europeeske Kommisje dwaan sil tsjin de beheinings.