Eask 4 jier foar ferkrêftings

07 aug 2014 - 12:10

Tsjin in 27-jierrige Snitser dy't pisjende froulju misbrûkt hat, is yn heger berop fjouwer jier sel easke, wêrfan ien jier ûnder betingst. De man sloech tusken 2011 en 2013 ta op ferskate festivals en eveneminten. Hy ferkrêfte acht froulju en betaaste fjouwer.

De Snitser waard yn novimber ferline jier oanhâlden. Hy krige yn maart fan dit jier twa jier selstraf, wêrfan fyftjin moanne ûnder betingst. It Iepenbier Ministearje gie yn heger berop om't se de straf net heech genôch fûnen. De útspraak is oer twa wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)