Fytser oanriden yn Ljouwert
In 66-jierrige fytser út Ljouwert is woandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Saturnuswei mei de Pallaswei. De man stuts oer en waard oanriden troch in 59-jierrige automobilist út Ljouwert.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.