Oanhâlding op de Nijstêd

06 aug 2014 - 16:10

De plysje hat woansdeitemiddei op de Nijstêd yn Ljouwert in 23-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean oanhâlden. De man is in bekende fan de plysje. Hy waard oanhâlden, omdat er noch tweintich dagen de sel yn moat en foar hast 300 euro oan iepensteande boetes hat.

By ûndersyk op it plysjeburo die bliken dat de man ek noch sân boltsjes harddrugs by him hie. Dy binne yn beslach naam en foar it drugsbesit is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
drugs Nijstêd oanhâlding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)