Wer jildproblemen foar bioboer

Biologysk boer Thom de Groot fan Goattum sit op 'e nij yn de problemen. De oerheid stjoert in doarwarder op him ôf, omdat er in boete fan goed 12.500 euro net ôfbetellet. Dêrtroch wurde mooglik syn kij yn beslach naam.
De Groot hat al ferskate boetes krigen fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit, omdat er syn fee net goed fersoargje soe. Omdat de minne relaasje tusken De Groot en de keuringstsjinst it sykjen nei in oplossing yn it paad stiet, pleitet advokaat Van Kooten van De Groot foar in oare oanpak.