Skeafergoeding foar roetgers

FrieslandCampina jout skeafergoeding foar kuilgers dêr't roet yn kommen by de brân yn it tsiisfabryk yn Gerkeskleaster. Boeren dy't yn de reek fan de brân buorkje, kinne in meunster nimme litte fan it gers om te sjen oft der roetdieltsjes yn sitte. It giet inkeld om boeren dy't it gers al meand hienen, om't it roet yn dat gefal net út it gers waaie of troch reinwetter fuortspiele kin.
De skeafergoeding wurdt bassearre op de kosten dy't makke binne foar meanen en skodzjen. FrieslandCampina wol de skea ferhelje op de eigen fersekering.