Slimme mishanneling yn Akkrum

06 aug 2014 - 10:28
  • Plysje

De plysje siket nei in man en frou dy't tiisdei tsjûge west hawwe fan in slimme mishanneling fan in frou út Akkrum. Sy waard by har thús oan de Aldeskou omseame troch har 42-jierrige eks-man út Ljouwert. De mishanneling wie yn it hûs en yn de tún.

De minsken dy't dat sjoen hawwe, stiene op it fytspaad. Se hawwe de eks-man oansprutsen. It slachtoffer koe doe yn har auto fuortkomme. Se is nei it plysjeburo ta riden. De man is oanhâlden. De plysje wol graach prate mei beide tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)