Van der Heide nimt ôfskie

Sandor van der Heide op de skouders fan Germ de Jong en Marc de Vries © Klaas Hijlkema
Fuotballer Sandor van der Heide fan ONS Boso Snits hat tiisdeitejûn yn in spesjale ôfskiedswedstriid syn aktive fuotbalkarriêre beëinige. Van der Heide spile mei-inoar sân seizoenen by de Snitser fuotbalklup en kaam yn totaal tsien seizoenen út foar SC Cambuur. Ek stie er even ûnder kontrakt by it Dútske Waldhof Mannheim.
Van der Heide giet by ONS oan 'e slach as adviseur en is fulltime assistint-trainer by Cambuur.