Gjin goede start Bouwmeester

06 aug 2014 - 06:11
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is it Olympysk testevenemint yn Rio de Janeiro tiisdei teloarstellend úteinset. Yn de earste race waard de Laser radial sylster fan Warten noch knap twadde, mar yn de twadde race wie der in tsiende plak. Yn de tredde race waard Bouwmeester diskwalifisearre om't se te betiid oer de start kaam.

Finn-siler Pieter-Jan Postma begûn sneon al oan it testevenemint. Tiisdei pakte er in tredde en in njoggende plak en stiet op dit stuit op it tsiende plak yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)