Westra wint Surhústerfean

Hurdfytser Lieuwe Westra hat de 33e edysje fan de Ronde fan Surhústerfean wûn. Yn de lêste ronde naam hy in foarsprong op syn konkurrinten. Bauke Mollema finishte as twadde. De winner fan de Tour de France fan dit jier, Vincenzo Nibali, kaam as tredde oer de streek.
It is foar it earst dat Westra wint yn Surhústerfean. Hy is tige wiis mei syn oerwinning.