Untslach Alliade yn jannewaris

Soarchgroep Alliade sil yn jannewaris opnij it ûntslach fan meiwurkers dy't boppetallich binne yntsjinje by it UWV. Dat hat de ried fan bestjoer fan Alliade yn oerlis mei de fakbûnen besletten. Earder wie ek al ûntslach foar de meiwurkers oanfrege yn ferbân mei in reorganisaasje, mar it UWV woe hjir net oan meiwurkje.
Neffens it UWV lei de ekonomyske needsaak foar de reorganisaasje te fier yn de takomst. Alliade woe yn earste ynstânsje goed 180 banen skrasse om de besunigings fan it Ryk op te fangen, mar hat dat oantal werombrocht oant 120.