Bedrige en ûnderdûkt

05 aug 2014 - 15:39

De man dy't it filmke makke hat fan de mishanneling fan in hûn yn Warkum wurdt bedrige. Dat seit de plysje. De man hie it filmke op ynternet set. Dêrop wie te sjen dat in oare man in hûn sloech. Minsken op ynternet ferwite de filmer dat er trochdraaid hat en net yngrypt hat. Op ynternet is in klopjacht op de dieder op gong kaam. De plysje wit wa't de man is dy't de hûn slacht. De plysje wol noch net sizze oft de man al op it plysjeburo west hat foar in petear.

De man út Warkum dy't syn hûn mishannele hat, is ûnderdûkt. Hy wurdt sa slim bedrige dat er him net langer feilich fielt. Yn oerlis mei de plysje hat de man ôfstân dien fan syn hûn. It bist sit no yn de opfang. De plysje sil de mishanneler earstdeis hearre as fertochte. Dan wurdt ek dúdlik wat him ta lêste lein wurdt.

Trefwurden: 
Warkum hûnemishanneler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)