Smoardronken mei bern yn auto

05 aug 2014 - 15:33

De plysje hat moandeitejûn in 38-jierrige Jouster yn syn hûs oanhâlden. De man hie in oanriding feroarsake. Hy wie dêrnei trochriden dwers troch in tún hinne. De man hie fierstente folle dronken: goed 4,5 heal kear safolle as tastien is. De man hie ek syn bern yn de auto. It rydbewiis fan de man is yn beslach naam.

Trefwurden: 
alkohol De Jouwer dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)