Tenniglo wint yn Surhústerfean

05 aug 2014 - 15:26

Moniek Tenniglo út Albergen yn Oerisel hat tiisdei de profronde fan Surhústerfean by de froulju wûn. Se naaide út yn de lêste ronde, koe dêrnei it peloton foar bliuwe en kaam solo oer de einstreek. De sprint fan it peloton waard wûn troch Ilona Hoeksma út Lúkswâld. Janneke Ensing út Gieten yn Drente waard tredde.

It kritearium by de elite- en beloftehurdfytsers waard wûn toch Marco Hoekstra fan Haren. Hy fersloech mei minimaal ferskil Rick Ottema út Muntedam yn de einsprint. Jan Bos fan Bontebok wie op it fjirde plak de bêste Fries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)