Túch by monumint Moddergat

It betinkingsmonumint op de seedyk yn Moddergat leit de sleau by. It plak is oergroeid mei túch. Dat fine bewenners fan it twillingdoarp Peazens/Moddergat. It monumint stiet der foar de fiskers dy't omkaam binne by de ramp yn 1883.
De gemeente Dongeradiel en Wetterskip Fryslân sjogge net nei it monumint om, fine de bewenners en dat is net respektfol. Oare monuminten yn de gemeente wurde neffens de doarpsbewenners wol goed ûnderhâlden.
De gemeente Dongeradiel seit yn in reaksje dat de situaasje yn Moddergat feroarsake wurdt troch de fakânsje. De wykbehearder dy't de ûnderhâldsploech mei oanstjoert, is der no net. Mooglik is it wurk dêrtroch lizzen bleaun. Boppedat is it groeisum waar. De gemeente Dongeradiel seit ta dat de situaasje by it monumint yn Moddergat fan 'e wike yn oarder makke wurdt.
Wetterskip Fryslân lit witte neat mei in monumint fan dwaan te hawwen. Sy binne inkeld ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de dyk.