Trein bekûgele mei glêsplaat

05 aug 2014 - 12:04

De intercity fan Ljouwert nei Utrecht is moandeitejûn by Den Dolder bekûgele mei in grutte glêsplaat. Dat meldt de plysje. Unbekenden hawwe de glêsplaat út in wachthokje op it perron yn it plak sloopt en dy nei de trein smiten. De trein waard dêrnei stilset en de passazjiers moasten oerstappe yn bussen.

De plysje is op syk nei de dieders fan it ynsidint. Tsjûgen kinne harren melde by de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)