Legere opbringst ierappels

05 aug 2014 - 11:34
  • Poaters, ek wol setters neamd

Fryske ierappelboeren ferwachtsje dit jier in legere opbringst foar de plant-ierappels, oftewol poaters. Dat komt troch de patatyndustry. De prizen foar patat-ierappels binne dit jier leech en dêrtroch fertsjinje patat-ierappelboeren ek minder. De kâns is grut dat se dan dan ek minder poaters ynkeapje sille foar takom jier. De setters komme faak by Fryske bouboeren wei en dy sille de gefolgen fernimme, seit Upt Hiddema fan boere-organisaasje LTO Noard.

Rûchwei ien op de fiif fan alle Fryske poatierappels is bedoeld foar de patatyndustry.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)