Nije sylboat Aangepast Zeilen

04 aug 2014 - 21:15

Stifting Aangepast Zeilen fan Snits hat der wer in sylboat by. De boat is spesjaal boud foar minsken mei in hendikep en kostet 15-tûzen euro. It giet om in geskink fan de C&A-foundation, in woldiedigensynstelling fan de winkel. De boat is sa makke dat hast alle minsken mei in hendikep deryn sile kinne. Sa kin it mei de hannen en de fuotten betsjinne en bestjoerd wurde. It is de fyfde oanpaste boat fan de stifting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)