Striidber de bêste yn Starum

Skûtsjeskipper Siebo Zijsling fan it skûtsje Striidber fan Drylts hat moandei de A-klasse by it IFKS silen yn Starum wûn. Lang gong de Raerder Roek mei skipper Michiel Kalsbeek oan de lieding. Hy moast lykwols belies jaan oan Zijsling en kaam úteinlik as twadde oer de einstreek. Yn de striid om it tredde plakje wist Jelle Talsma mei De Jonge Jan út Warten syn kollega Tony Brundel mei Lytse Lies foar te bliuwen.
Tiisdei wurdt der syld op de Hegemer Mar by Heech.